Himp

Ik tink dat der net folle minsken binne dy't witte wat it Fryske wurd himp betsjut. Litte we foarop stelle dat ik der gjin ferstân fan ha. Net ien fan de blowende generaasje. Yn it Jaske te Drachten rûkte it sneons wol aardich nei túnkrûden, mar nea yn de ferlieding west om it te besykjen.
No toffelen we troch Drinte, en dêr stie in fjild mei planten dy't ik yn Fryslân noch nea sjoen hie. Yn Grins ek net, by the way. It like op himp. Doe't ik it neiseach op ynternet blykte dat it yndie himp wie, mar dan fan de soarte dêr't je net high fan wurde. Se meitsje der fan alles fan, mar gjin dope.
Doe tocht ik, as se by Pieterpik of in oare siedhannel no ris in freeslik moandeitemoarngefoel ha, en mei de sliep yn de eagen it ferkearde sied yn in kladde dogge. Mei as gefolch dat der earne yn Drinte in fjild fol mei himp stiet dêr't eltsenien fan seit dat it fan dy soarte is dêr't je neat mei kinne. Want, oars wie it net sa iepen en bleat neist in kamping siedde wurden, no?
Soe it immen opfalle? Of ha we hjir mei in hiele tûke Drintske boer te krijen?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen