Vespula vulgaris
Dat is de Latynske namme fan it sekreet dat my no al twa dagen op Quasimodo lykje lit. It is oars noch gjin tiid foar wespen. Mar dit soadsje sil my net wer pleagje. De gemeentelijke afdeling ter bestrijding van ongedierte hat der mei rêden. We wienen it net iens oer hokker bist it no krekt wie. 'We doen in principe niks aan bijen,' sei it minske op it gemeentehûs. Doe wisten we it samar. It binne wespen, hear. Libbensgefaarlik ek noch. Dat wie net hielendal in leagen, fannemoarn siet ik healwei achten by de spoedeisende hulp, en no mei ik Prednison as breaiten ha. Dus de dokter fan juster wie krekt wat te optimistysk doe't er my mei in túbke salve nei hûs gean liet. Fannacht waard ik wekker en doe hie ik in kop as in fuotbal, oan ien kant dan. As ik it houliksoansyk sa dien hie, wie it neat wurden, bin ik bang. Alle lof foar buorfrou, dy't de tillefoan betsjinnet by de dokterswacht, sy wit dat ik net belje as it net nedich is, dus ik mocht daliks komme. Dy dokter sû...