Snappe jo it noch?

'Heeft u dat nog via de post gedaan? O, maar dan moet ik even kijken...'
'Ik sjoch dat ik it ek by Office Center helje kin?'
'Ja, dat klopt. Kijk meneer, op deze manier kan het nog wel een week duren, hoor.'
'Lit dan mar, ju. Ik rêd der wol mei.'
'Oke, dag hoor!' ( ouderwetse friese boer! )
'Office Center, mei de kassamefrou.'
'Ja, goeie. Ik hie niis ien fan dat en dat bedriuw oan de tillefoan, en dy sei dat ik dat en dat produkt wol by jimme helje koe?'
'Dat kloppet. Mar we ha it no net op foarried.'
'En dus?'
'Dus moat ik it foar jo bestelle, dan is it der nije wike woansdei.'
'Dat duorret wol lang, net?'
'Ja, mar jo kinne ek op de webwinkel sjen.'
'Fan Office Center?'
'Ja, hear, dan ha jo it moarn yn hûs, teminsten, as jo foar fjouwer oere bestelle.'
'Mar, ik sil wol dom wêze, as jo dat no bestelle, is it der dan moarn net?'
'Nee. Wol as ik it thús bestel fansels, ha, ha!'
'Ja, ja. Fansels. Dus as ik it bestel is it der moarn, en as jo it dogge duorret it in wike?'
Efkes stil....... 'Eh, ja der komt it wol op del. Eins frjemd as je it sa sizze.'
'Dat tocht ik, no goeie!'
'Ja, goed wykein!'
'It is pas woansdei, hear.'
Toet, toet, toet.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen