Mu'ammar

Mu'ammar Khaddafi slacht eltsenien de kop yn dy't him of har tsjin syn bewâld keare doart. In pear dagen lyn hie ik it oer ús maat Berlusconi, en neamde dat in kat yn it near. Dêr binne dus mear fan. De beide hearen kinne goed, sterker, Silvio mocht by Mu'ammar yn syn tintsje komme. Want as Mu'ammar op besite komt, nimt er dy mei. Lekker knus, ferhale oer sliepfeestjes en sa. Fjoerke oan, gleske wyn fan ome Silvio, en Mu'ammar mar fertelle oer syn nijste haremlid. Marshmallo's roasterje, it is gesellich mei dy twa.
Khaddafi hat it lêste desennium bot syn bêst dien om yn de westerske wrâld as in wat mylder persoan oer te kommen. Dat koe er dwaan, omdat it relatyf rêstich wie yn Libie. Mar no komt syn wiere aard wer boppen en lit er mei skerp sjitte op demonstranten.
Yn alle drokte dy't no yn de Arabyske lannen hearsket is ien lân dat net, of hast net fan him hearre lit. Israel. Wat soenen dy hjir no fan fine? It mist my net, de Mossad, it Instituut voor Informatie-inwinning en Speciale Taken, sil op folle toeren draaie. It broeinêst Midden Easten stiet miskien foar grutte feroarings, mar oft it der better fan wurdt?
Mubarak is fuort, lokkich sûnderdat it in soad bloed koste hat, mar minsken as Mu'ammar Khaddafi en dy dwaas dêr yn Iran litte har net sûnder slach of stjit ferjeie, de dyken en pleinen sille read kleurje. Minsken feroarje yn frjemde wêzens troch macht en haat. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen