Klets!

Ja, dat hearde ik yn de gong. Te folle leven foar reklame, en noch te betiid foar de krante. In tsjokke brune slúf, mei it logo fan de útjouwer der op. Sa faak is it noch net foarkaam dat ik dêr post fan krigen ha, dus it bliuwt bysûnder.
En no? Wurd foar wurd it hiele spul troch, om flaters op te sykjen, dy't dan mei reade pinne oanstreke wurde moatte. Lit ik dy dus net ha, in oranje skriuwende Papermate komt it tichtst yn de buert, dat dêr mar mei los dan. It sil wol wer nachtwurk wurde, as ik hjir ien kear mei dwaande bin, wol ik it dien ha, klear, en op de post. Dus, hjir hâld it op hjoed, de earste proef laket my oan. Wol om de earpels tinke, oars fikket de brot my oan. En it stikje deade ko rûkt te lekker om it te fergriemen. It falt noch net ta hear, skriuwe...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen