Een aap die geen bananen eet

Witte jimme wat dat foar sechje is? Ik wist it net, oant dizze wike. Seis wurden, seis snaren. Jawis! De snaren fan in gitaar. Doe't ik noch yn myn wylde jierren siet (ahum!, kuch) ha ik in gitaar kocht, en net leard om der op te spyljen. Ja, trije akkoarden, dat is it sawat. Hy wie ek net djoer, ik leau 50 gûne, en dan hie ik de fersterker der op ta. Hjoed hie ik in praatsje mei de buorman, en dy sei dat syn soan dwaande wie om in band op te rjochtsjen. Drums, gitaar en in sjonger hienen se al, no wie it sykjen om in toetseman of bassist.
Jasses, wat fielde ik my doe âld! En dat wie dizze wike al de twadde kear, de earste klap kaam doe't ik mei junior nei de earste gitaarles gie. Ien les, twa akkoarden leard. Wat hie ik dan al in macht oan akkoarden leare kinnen! Want heit is al stokâld, no?
Fan de weromstuit ha ik hjoed de hiele middei sitten te pingeljen, it lytse skoft dat ik noch mear akkoarden behearskje as junior wol ik brûke. As se my aanst útlaket omdat se mear kin as ik, sil de folgjende tik op de noas wol komme...

Reacties

  1. Your blog looks nice, even so it would be far better if you’ll be able to use lighter colors too as a professional design. This will make sure that a lot more readers come to check it out.Informative post by the way!

    aromatherapy

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen