Posts

Gemeente Smellingerlân levert heal wurk

Afbeelding
Nee, ik bin net roomsker as de paus. As ik yn myn auto sit mei ik graach opsjitte. Dat gegriem fan 30 km yn it oere is waardeloas. In bytsje pittich ride en de eagen goed iepen, boppedat wit ik dat der spegels yn de auto sitte. It komt my geregeld oer dat ik fan Boarnburgum nei Drachten efter ien oan ryd dy't der gjin idee fan hat dat der immen efter him as har oankomt. Goed, de beboude kom is hjir 30 km. Dat is, ik sis it mar earlik, my 20 km te stadich. Meastal sit ik tusken de 40 en 50 km yn it oere. Dat mei net, mar it is neat yn fergeliking mei hoe't se hjir mei kûgelsfeart del komme. Fan de Beetster kant is Boarnburgum oan de bakker ta in racebaan. Yn de spits (ja, dy ha we hjir ek) komt it slûpferkear út de bûtenwiken oan de westkant fan Drachten hjir del om nei de A7 te fleanen. En dat giet hurry-up, dy leasebakken fan Dútske komôf wolle wol. De telefoan oan it ear fansels, want in knappe carkit wie de slútpost. Dat koe der net mear ôf. Nei de doarpsfernijing fa...

Ein Service der Deutchen Post

Afbeelding
Hjoed siet der by de post in frijwat obskuere slúf. Fan it kaliber illegale Nigeriaanske kettingbrief of sokssawat. Luftpost stie der op, dat doe feroare ik al wat fan gedachten. In bekeuring foar te hurd riden earne yn Dútslân? Ein Service der Deutchen Post, no it sil wol. Par Avion Prioritaire stie der ûnder. Hè? Dat is Frânsk foar prioriteit luchtpost. If undeliverable return to sender. Ja, ja. Steltsje oplichters. Moai multikulti opdrukje fan in oplichterij. Trije talen op ien envelop. Dat spul hat luzen. Koart foar de kop soe ik him hast ticht by it âld papier smite, doe't ik wat fielde. In hurd yts yn de slúf. Dochs mar efkes iepenmeitsje... Blykt dat de nije BP pas der yn sit!!! Dútslân docht it ekonomysk tsien kear better as ús, mar dat se no it stjoer fan Britisch Petroleum ek al oernaam hienen, wist ik net. Mar wat dy Frânsen dêr no wer by moatte? It koe wol in Europeesk komplot wêze. Neat bliuwt mear by it âlde...

Jiskefet

It regear wol yn harren wanhopige syktocht nei sinten ynstee fan te ynvestearjen, sa as Dútslân docht, de wichtige middenynkommens noch fierder strûpe. De minsken mei bern yn de djoere leeftyd. Dy sukkels ha it dochs sa drok mei de holle boppe wetter hâlde dat se it grif net oan tiid ha sille om harren te oppenearjen.  It begjint sa stadichoan op in komeedzje te lykjen, dit belied. In blijspul yn fierstentefolle bedriuwen. Earlik sein hie ik fan Lodewijk Asscher in hege pet op doe't er wethâlder fan Amsterdam wie. Mar wat er no by de ein hat? Hoe kin it no dat wy hjir al jierren de braafste fan Europa binne mar der net yn slagje om út de krisis te kommen? Ien ding stiet as in peal boppe wetter, ûnder dit regear mei de VVD buorkje we efterút. Nee, net allegearre, it alâlde tinken dat 'eerlijk zullen we alles delen, wij een beetje meer als zij' is noch tige ynoarder by Rutte, Zijlstra en co. As we der net om tinke is studearje aanst wer foar de boppelaach, de Jiskefet b...

Omrop Fryslân en de droege fjilden

Afbeelding
It is in tryste saak. De amateurfuotballers kinne op guon fjilden net oan de kompetysje begjinne. Oarsaak: De fjilden binne sa droech as riis. No wienen dy fjilden in wike lyn ek al sa droech as riis. Sterker, de hiele bouwvak is der amper in drip wetter fallen. Miskien wie it jim al opfallen. No, de minsken dy't de sportfjilden meane yn elts gefal wol, dêr bin ik wis fan. As de fjilden droech wurde, soe wat wetter jaan wolris helpe kinne. Maaaaaarrrr... Dan komme wy oan de woartel fan it probleem. Wa hat it foech om de kraan iepen te draaien? Gokje: immen dy't op syn minst seis wiken (leafst oaniensletten) mei de kont op in strân leit, yn in fier lân omtoarket of gewoan mei blynkapen op by it skûtsjesilen en de PC is, mar net sa fleksibel om tuskentroch efkes nei te tinken. Want jo ha fakânsje, no? In rjocht dat djip ferankere sit. Dêr kinne al dy fuotballers dy't no skodholjend nei it wetterkanon steane te sjen neat oan feroarje. Jo ha rjocht op in fakânsje om ne...

De gunfactor

Afbeelding
Eindhoven Maastricht Ljouwert Sis it mar.

Ferdinand de Jong-Turn the page

Afbeelding

Werk aan de weg in de gemeente Smallingerland

Afbeelding
Boarnburgum is dizze dagen fan de Beetster kant ôf min te berikken. It folk dat Bombats as slûprûte brûkt hat fansels tige wichtige banen en dêrmei it rjocht om trije kear sa hurd troch it doarp te jeien as dat mei. Dy doarpelingen moatte mar efkes in stapke tebek dwaan as de safolste S.U.V mei immer beljende sjauffeur nei hegere doelen op reis is. Merken sil ik net neame, mar Dútslân slacht foar master op, safolle wol ik der wol oer kwyt. Nu hadden wij daar het volgende op gevonden: Flechtheuvels. Carterknappers. (Foar de S.U.V. bestjoerders: in carter is de bak dêr't de smaroalje yn sit. Hinget ûnder de auto en is by jim gedrach op de wei it earste oan bar om stikken te gean en dan wol de S.U.V net mear.) Op de side fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) is der in kreas stikje oer skreaun. Werk aan de weg. Tot 20 september stremmingen i.v.m. aanbrengen verkeersremmende maatregelen Verkeersremmers in Boornbergum Vanaf de eerste week van september wordt...