Gemeente Smellingerlân levert heal wurk
Nee, ik bin net roomsker as de paus. As ik yn myn auto sit mei ik graach opsjitte. Dat gegriem fan 30 km yn it oere is waardeloas. In bytsje pittich ride en de eagen goed iepen, boppedat wit ik dat der spegels yn de auto sitte. It komt my geregeld oer dat ik fan Boarnburgum nei Drachten efter ien oan ryd dy't der gjin idee fan hat dat der immen efter him as har oankomt. Goed, de beboude kom is hjir 30 km. Dat is, ik sis it mar earlik, my 20 km te stadich. Meastal sit ik tusken de 40 en 50 km yn it oere. Dat mei net, mar it is neat yn fergeliking mei hoe't se hjir mei kûgelsfeart del komme. Fan de Beetster kant is Boarnburgum oan de bakker ta in racebaan. Yn de spits (ja, dy ha we hjir ek) komt it slûpferkear út de bûtenwiken oan de westkant fan Drachten hjir del om nei de A7 te fleanen. En dat giet hurry-up, dy leasebakken fan Dútske komôf wolle wol. De telefoan oan it ear fansels, want in knappe carkit wie de slútpost. Dat koe der net mear ôf. Nei de doarpsfernijing fa...