Kulturele haadstêden
Dochs wol wer in opfallend berjocht yn 'e krante fan juster. Ja, yn de LC. Samar in lyts stikje oer KH 2018. Dat is in fout links feestje, foar dyselden dy't it net witte. Jo kinne it googleje. Yn Brabân wolle se ek haadstêd fan Europa wurde, krekt as Fryslân. En soks mei wat kostje, dêr yn it suden fan it lân. Hjir waarden we op 'e fingers tikke, omdat allinnich Ljouwert haadstêd wurde mocht. En dus luts de rest fan de grutte plakken fluch de hannen derôf, en die de hân op 'e knip. No lies ik dat yn Brabân fiif grutte plakken meielkoar besykje om as winner út de bus te kommen. Dat skynt dan wol te meien, of se ha dêr wat mear lagen fel foar de kop. Ik wit it net. Eindhoven soe it dan wurde moatte. Mar mei stipe fan in oantal oare grutte plakken, dy't mei namme en tanamme neamd wurde yn dizze link: http://www.2018brabant.eu/ Dat hie hjir dus ek kinnen, tink ik dan. LEEUWARDEN (Ljouwert) kulturiele haadstêd 2018, mei stipe fan de oare âlve (10) stêden. Soks...