Posts

Posts uit januari, 2026 tonen

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Afbeelding
  Ha jim it gefoel ek wolris dat it hearlik wêze soe om net mear alles te witten? Om komfortabel ferdôve te wêzen? Om net live tsjûge te wêzen fan de delgong fan Europa, Nederlân en de rest fan de beskaving ûnder it kopke ‘dit is progresje’? Om net josels alle dagen ôf te freegjen oft jo besite oan Auschwitz, Auschwitz-Birkenau, Sachsenhausen en it Holocaust monumint fan Peter Eisenman yn Berlyn allegearre neat te betsjutten hie, omdat deselde sentiminten dy’t ûnder it nasjonaal sosjalisme yn de jierren 30 fan de foarrige iuw troch de stêden propagandearre waarden opnij ûnder harren tinne laach stof weihelle binne? It is om moedeleas fan te wurden, om it mar ris sêft út te drukken.   It docht bliken dat der net folle foar nedich is om yn deselde falkûlen te traapjen. De wrâld is dwaande om de omkearde evolúsje mei folle oertsjûging op gong te helpen, sa liket it. As wie der in revolte fan  de Chicxulub-ynslag yn Mexico. Foar de minsken dy’t net witte wat dat krekt wie: in...