Posts

Posts uit september, 2024 tonen

HJ Schoo lezing troch Pieter Omtzigt: ‘Net fan de flier op de souder’

Afbeelding
  Op de sosjale media (ja, dat ferhipte, mar tige ynfloedrike en ynformearjende X) kaam ik de link tsjin fan de HJ Schoo lêzing dy’t juster yn Amsterdam útsprutsen waard. Plak fan hanneling: debat sintrum De Rode Hoed, sprekker Pieter Omtzigt. De link stiet ûnderoan dit stikje.   De lêzing duorret in oere en in kertier. Dat is best wol in skoft om de spanningsbôge fêst te hâlden by it gejeuzel fan de gemiddelde politikus, mar Omtzigt is de útsûndering op de regel. Ik ha, omdat ik wol benijd wie nei wat hy te melden hie, fan de need in deugd makke. De fyts út it hok, koptelefoan op en in slach troch it bloedmoaie Fryske plattelân op in hearlike tiisdeitemoarn.   Der wurdt fan Pieter Omtzigt wolris sein dat er labyl wêze soe, net geskikt foar de hurde realiteit fan de Haagse polityk. No, dat is miskien wol sa, mar ik soe jim allegearre oanriede wolle om de lêzing te beharkjen. Jou Omtzigt tiid en romte om syn ferhaal te dwaan en jo begripe folle better wat de man driuwt. Want hy