Posts

Derby

Afbeelding
Op in pear lytse saken nei is de derby tusken It Feen en Cambuur goed ferrûn. Lokkich mar. Wy sille dizze dei net sa gau ferjitte. Wy, dat binne de De Jongkjes. Juster wie frijwat bysûnder, de earste kear dat ik troch heit meinaam waard nei it fuotbaljen sil in jier as 30 lyn wêze. Doe spile It Feen earste divyzje foar in man/frou as 2000. Dochs fûn ik it prachtich. Abe Lenstra siet yn syn rolstoel oan de sydline. Letter kocht ik in seizoenskaart en ha net folle wedstriden mist. Altyd op de easttribune, mar juster net. Jierren ha heit en ik tegearre nei vak 22 reizgje, mar troch omstannichheden kin dat no net mear. Juster mochten sawol heit as mem in kear mei nei it Abe Lenstra stadion, de minsken dy't dat mooglik makke ha wurde hjir nochris tige betanke, it wie in middei om nea te ferjitten. Moai mei de lift nei de tredde ferdjipping en prima plakjes, rjocht tsjinoer dêr't we gewoanwei sieten. De wedstriid wie earder spannend as goed, in moaie stift fan de spits fan It Feen...

Nije telefoan

Afbeelding
As trouwe Nederlanner harkje ik tige goed nei de regearing. Dy sizze dat wy jild útjaan moatte om de ekonomy wer op gong te helpen. Braaf boarger as ik bin doch ik dat dan. It probleem dat der wolris gjin jild is om út te jaan slute wy de eagen dan mar efkes foar. Alles foar de ekonomy. Fatsoenlik grutbrocht moatte jo ek om in oar tinke. Earme berntsjes mei miggen om de mûle en sa. Dat is der troch de STER reklame goed yn timmere. Dat ha al dy direkteuren fan dy ynstellings al jierren goed besjoen, goed wat troch de honger opsetten bealchjes en goed wat blauwe miggen op it gesicht, dan donearje se foar wûnder. Jo moatte ek om josels tinke, in oar docht it yn 'e regel net. Tsja, dan ha je dus trije saken. Binne dy yn ien loop te tackeljen? Jawis!!! Jo keapje gewoan in nije telefoan. Mark Rutte kin mar grutsk op my wêze. Ik doch myn bêst om de ekonomy op gong te bringen. Ik ha in Samsung kocht. De nijste. Dêr is in soad oan ûntwikkele, dus help ik ek earme minsken. Yn Kore...

STATUS QUO - 4500 TIMES.wmv

Afbeelding

Free publicity, sponsore troch de SGP

Afbeelding
De SGP makket him nochal wat drok oer de datingsites lykas Second Love. Foar guon dy't dat net witte: Dêr kinne jo in ekstra relaasje oanknoopje. Foar der by, sis mar. Neist de gewoane relaasje, dy't nei in X-oantal jierren wolris wat saai wurde kin. Gat yn de merk, om mar ris in byldspraakje der tsjinoan te smiten. No, dêr tinkt de SGP hel en ferdoemenis fan. De bern (as dy der binne) soenen der skea troch oprinne kinne. Fan dy skiedings. Mar dat doocht net hielendal. It is Second Love. Der by. Ekstra. Dus it oare kin gewoan trochgean, mar foar de ekstra hupsakee is der de Second Love frou as man. Litte we mar net om de hite brij hinne draaie, de SGP slacht de planke mis. Fansels komt yn de measte gefallen in relaasje ûnder druk te stean, en binne de bern de sigaar. Dat snapt eltsenien. Mar as jo it hânboek fan de SGP der by sykje, de bibel dus, stiet dêr dat kening Salomo in harem fan 300 froulju hie. En fan de measte SGP preekstuollen wurdt sûnt de bibel skreaun is...

The original six

De kop is der ôf, de earste oefenwedstriden binne spile. Freed wie it tsjin HYS The Hague daliks al in hearlike pot, as it hiele seizoen sa wurde sil, is it reklame foar it hockey. Foar in oefenwedstriid sieten der aardich minken op de tribune, dat liket der op. Tip: De oare kear allegearre ien meinimme, as dy dan de wike dêrop ek wer ien meifreget, komt Thialf wol wer oan de kop ta fol. De sport fertsjinnet it en de tsjinstanners moatte wer mei lead yn de skuon nei It Feen komme. Der komme dit jier seis Nederlânske teams en ien Belgyske ploech yn de earedivyzje út. Dat die my tinken oan The Original Six, in begjin fan wat letter de NHL wurden is. Tusken 1942 en 1967 bestie de NHL mar út seis teams, dus noch ien minder as de earedivyzje no docht. Dat kinne jo je hast net yntinke foar in grut kontinint as Noard Amearika, mar dochs wie it sa. It tophockey kaam út de noardeasthoeke: Chicago Black Hawkes, Detroit RedWings, New York Rangers, Boston Bruins, Toronto Maple Leafs en fansels de ...

De BBC, stiff upper lips

Afbeelding
No, tryst nijs fan de BBC. In skoft lyn ha ik jim alris oer in ôflevering fan Gardeners World ynljochte. Dat wie dizze. Yn dat programma siet in sêne by de rivier de Theems, in iepen dei fan wat tunen, wol ik leauwe. Dêr gie it net om, neist it skip dat se sjen lieten, lei neffens my in skûtsje. Dus woe ik it graach nochris besjen. Helaas, de Britten binne net sa tasjitlik as hjir by ús, dêr't je it measte wol op uitzending gemist fine kinne.  In kear as wat ha ik besocht om fia de mail yn kontakt te kommen mei de Britske Omrop, en dat is ek slagge. Mar net miene dat se krimp jouwe. Der is hjir gjin fatsoenlike stream of wat dan ek mar te finen om dy 12e ôflevering wer te besjen. It mailtsje fan de stiff upper lips wol ik jim net ûnthâlde. It prototype fan begripend knikke en dêrnei fêsthâlde oan besteande protokollen. Hear, hear. Dear Audience Member Reference XXXXXXXXXX Thanks for your enquiry regarding BBC Two’s ‘Gardeners' World’ as broadcast on 8 June. I ...

Hilda Talsma op Smelne FM

Afbeelding
Dat koe wolris in aparte jûn wurde. De lokale omrop fan Smellingerlân, Smelne FM, komt fan sân oant acht oere streekrjocht út kafee Marktzicht. Mei in literêr programma. In oere lang prate oer boeken en oare kultuer. Neat gjin horizontale programearring. Gjalt (Bliksum Piebe!) de Jong en kroechbaas Ronald van der Molen moetsje skriuwster Hilda Talsma, dy't krekt it tredde diel fan har trilogy De twadde hûd, Flammen en no dus It geloksbern útbrocht hat. Smelne FM, ik soe my yntinke kinne dat jim der efkes oer neitinke moatte op hokker frekwinsje dy te finen is. Yn de ether sit er op 106.5 FM, dat jildt foar Drachten en omkriten. UPC klanten yn Smellingerlân kinne digitaal op 96.1 te plak. Mar dan binne wy der noch net. As jo radio harkje fia de mediaboks fan UPC (ik leau dat wy ek sa'n ding ha, mar ik bin frijwat analooch) moatte jo kanaal 80 ha. As jo in C1+ module of in Horizon mediaboks brûke is kanaal 882 the place to be. Freegje my net hoe't it wurket, ik ha ech...