Posts
Nij boek
- Link ophalen
- X
- Andere apps
'Ast dan sa oan it wurk bist, tinkst dan nei oer in nij boek?' Dat frege immen my hjoed, en hy wie net de earste. It skynt foar in soad minsken in mystearje te wêzen hoe't je ta it skriuwen fan in boek of in ferhaal komme. Eins is dat ek wol wat sa. Der is neat, dan ha je in idee en in skoft letter leit der mei wat gelok in manuskript. De tiid en drokte dy't dêr tuskenyn sit, krije de lêzers en net lêzers yn 'e regel net folle fan mei. It stille wurk, sis mar. It opsykjen, it neilêzen, it skriuwen en skrassen, it fertwivele omrinnen as der in fikse blokkade yn de kop sit. Ik soe ek de ekstra liters en pakjes tabak neame kinne, foar guon ek wol werkenber, nim ik oan. En dan fansels de tiid fan wachtsjen as je it nei in útjouwer brocht ha.Witte se neat fan, de minsken. Lit dat ek mar moai sa bliuwe. It moaiste fan skriuwen is it skriuwen. Foar my, teminsten. As je yn de holle it ferhaal rûn ha, en dat it dan slagget om it der yn ien kear út te rammeljen. Machtic...
It swurd fan grutte Pier is fuort! Reboelje!!!
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Stel je foar: De Nachtwacht nei Berlyn foar in tentoanstelling oer stedswachten. Sjogge jo it barren? Ik net. Allinnich foar de twadde wrâldkriich ha se it doek fia Medemblik en Castricum nei de Sint Pietersberg brocht, soks seit wat. Dramatysk nijs hjoed. It swurd fan grutte Pier giet nei Rotterdam. Foar in show oer piraten. Samar lit it Fryske folk ien fan harren grutte pylders oer de grins ferdwine, fraach is oft se it ea wer werom sjen sille. Dat nije museum kin daliks wol wer plat as it swurd der aanst net is. En dan ek noch Kimswerter bern ûnderweis as minslik skyld brûke. It raast werklik oan de protters. Ik ferwachtsje in Steaten enkête, oanfrege troch de FNP. Wa hat hjir tastimming foar jûn. Wy moatte yn it ferhef komme, dit kin sa net langer. Aanst dumpe se Us Mem noch op Texel foar in tentoanstelling oer molkskiep. Wekker wurde minsken! As dit sa trochgiet is dit it begjin fan de ein.
Rammestrûp
- Link ophalen
- X
- Andere apps
De pedofilen klup Martijn is troch de rjochter ferbean. In feriening dy't eins nea bestean moatten en mochten hie. De histoarje fan omgrieme mei lytse bern is lang, helaas. Griken, Romeinen en Perzen makken har ek al skuldich oan dizze foarm fan mishanneling. Sterker, it wie dêr min ofte mear algemien akseptearre. Moaie wurden lykas minnaar en relaasje brûkten se dêr. Hoed-de-dei komme foaral de misstannen yn de Roomske tsjerke oan it oerflak. Sa kin ik noch wol efkes trochgean, dizze ellinde is fan alle tiden en komt yn alle fermiddens foar. In klup dy't ditsoarte tsjustere saken ferhearliket moat ferbean wurde. Dat wol net sizze dat it misbrûken fan bern dan ophâlde sil. Der skine sike idioaten om te rinnen dy't it tige aardich fine om te sjen dat in ûnskuldich famke fan fiif troch in keardel misbrûkt wurdt. Foar sokken wienen de straffen dy't se eartiids brûkten no ek noch op syn plak. Rammestrûp der om hinne en ophysje mar. En oars? No sa.
Old man take a look at my life, I'm a lot like you were
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Waan(sin) fan de dei
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Lokwinske, minsken! Jim binne hjoed samar út de resesje klommen. Is 't net in pracht? It soe wol wêze kinne dat we der nije wike wer ynsitte, hear. De waan fan de dei en de planburo's kinne ús meitsje en brekke. It is werklik om fan te gûlen. Witte dy djoer betelle rekkenwûnders wol hokker ferantwurding se ha? We wurde platsmiten mei besunigings, omdat we yn in resesje sitte. De twadde keamer en de geil op lekker nijs media dogge oars net as ús de put yn prate, Brussel foarop. Komt der op samar in tiisdei sa'n hapsnurker fan wer in oar buro en dy seit dat we net yn in resesje sitte. Moai, kinne al dy ekstra lesten dan ek daliks wer weromdraaid wurde? We sitte net yn in resesje, no? Dus is der neat oan de hân. Is miskalkulaasje ek in misdriuw? Dan meie se wol in ekstra finzenis bouwe foar al dy snelle jonges dy't der meielkoar foar soargje dat wy ús de blubber wurkje en as we der mei ophâlde daliks mar dea gean moatte. Jo binne net redabel mear as jo konsumearje en...