Posts

Frysk yn de LC, diel twa

No, dat wie my wat juster. Speerstra, Kootstra, De Vries en De Groot. En dêr mocht ik ek noch bysitte. Se koenen sels myn namme! No hat Abe my fansels it gers al foar in part foar de fuotten weimeand op:  http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/ . Dat ha je mei dy mannen, ik moat moarns earst oan it wurk, no? Ha, yndie, dat bier sil lekker west wêze, mar ik hie reade wyn. 'Twa bokbier en twa wyn,' sei ik tsjin it famke. 'Dat is dan € 14.95.´ ´Wat sei...?' Ik kom dus net sa faak mear yn in kroech en hie de knaak it glês noch yn de holle. Toe mar. It selskip bedarre dus op in terras, en dêr woe ik it mar oer ha. Net oer Hylke syn ferhalen, mar oer de Ljouwerter krante. In wike lyn skreau ik in bloch oer it Frysk yn de LC. En dêr bin ik juster net opteiner oer wurden. It skynt belied te wêzen dat artikels net mear yn it Frysk skreaun wurde. Inkelt útspraken, quotes dus, soenen noch yn de âlde taal yn de krante komme. En De Groot skriuwt ek, Dwers. Mar dat is it dan, en...

Evaluaasje, tips wolkom!

Oer it algemien ha 'k it mier oan fergaderjen. En myn aginda tilt der lokkich ek net fan op, mar moarn is it bingo. Twa stiks, op deselde tiid, en dat kin dus net. Nei ampele overwegingen sil ik nei Tresoar foar de evaluaasje fan de Moanne fan it Fryske boek 2011. Foar guon dy't witte wolle wat dy oare gearsit wie: de MR fan skoalle. Ek wichtich, mar dêr sit ik noch trije jier yn. Oan de MR leden (ik wit dat se myn bloch folgje): de oare kear bin ik der. Kinne se moarn mar rabje oer myn whereabouts, dy't net geheim binne, ik ha gjin relaasjeproblemen. Teminsten... Genôch hjir oer. ;-) Tresoar dus. En mocht der in ferdwaalde besiker oan ien fan de jûnen yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek omrinne dy't hjir noch wat oer kwyt wol: graach. Twitterje en Feestboekje mar in ein wei, wij nemen het mee, en zullen er nog een keer naar kijken, om it mar ris amtlik op te skriuwen. Kinne jim ek daliks myn Twitter folgjen gean, want dat sjit noch net echt op mei dy oantal...

Brutsen snaren

Afbeelding
Soms binne je bliid dat Sinteklaas der is. Meastal net, omdat der dan listjes komme moatte. En ik ha meastal gjin flauwe jota fan wat ik dêr op sette sil. Mar hjoed kaam der help út net ferwachte hoeke. Ik wie fan doel om hjoed noch in stikje te skriuwen, mar je ha fan dy dagen dat soks net wol. Dan ha ik hjir sûnt koart in nije hobby njonken my stean, in gitaar. Leuk as ôfwikseling. Ik kin der gjin donder fan, mar it is och sa leuk. Siet ik lekker mei te spyljen, CCR of sa. Doe wie der dat momint dat ik weromtocht oan Pinkpop, it optreden fan The Foo Fighters. Dan kinne je hjir: ULTIMATE GUITAR TABS ARCHIVE 300,000+ Guitar Tabs, Bass Tabs, Chords and Guitar Pro Tabs! akkoardenskema's opsykje. Dus de elektrike gitaar oanslingere en ramme mar. Hearlik. Mar net goed foar de snaren. PATSPATS! Twa dwerstroch. Hupsakee, in item foar op it listje: snaren. Mar wat in geweldige band, dy Foo Fighters!!! De ûnderste is fan Pinkpop 2011, wol wat oars as i...

Boetes noch fierstente leech

De Fryske plysje hat muoite mei de grutte ferheging fan ferkearsboetes. Neffens Hartgers fan de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Plysjefakbûn binne de ferskillen mei oare boetes te grut. Sa giet de bekeuring foar parkeare op in hendikepteplak fan 180 nei 340 euro. Ride troch reed ljocht giet omheech fan 180 nei 220 en ûnnedich toeterje kostet aanst 350 euro. Hartgers seit dat de ferhâldings no bryk binne. Sa smyt stellerij út in winkel aansen in lichtere straf op. De tariven wurde fêststeld troch de polityk, mar plysjeminsken moatte se oplizze. (OF) No, it liket der mar op mei dit regear. De minsken wolle strangere straffen? Dan dogge we dat. Je moatte altyd yn kânsen tinke. Dus de boetes binne noch fierstente leech! Se moatte se sa heech meitsje dat de plysjes it net mear mei droege eagen oan in tafallige ferdriuwflakrider ferkeapje kinne, en dus: lit mar waaie. Foar in part is dat no al sa, dus sjitte dy gelearden dêr yn Den Haach harsels wer r...

Rufus Wainwright - Going To A Town

Afbeelding
Lekker sliepe...

Seare fingers

Afbeelding
A, A, D, E. 2x A, A, D, B7 A, DABm, A E, A, E. A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. C, G, D, A, E. 5x A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, DABm, AE, A, E. En wat ha je dan? Seare fingers en dit:

Gnostyk. Wat sei...?

Juster bin ik nei in lêzing oer gnostyk west. 'Wêr hat it mantsje hinne west!?' hear ik jim tinken. Gnostyk. Yn it wurdboek stiet it sa: godstsjinstige, mystike lear út de twadde o/m fiifde ieu. Ja, jo dogge wat op in tiisdei.  Mar it foel my net ôf. It komt net alle dagen foar dat ik in filosoof oan it wurd hear. (Behalve mysels. Haha, ynkopperke!! ;-) ) Bram Moerland hie in tige nijsgjirrige opfetting oer wat neffens him it leauwen betsjutte. Berne op it strange Tholen foel it him op dat de lear allinnich mar gie oer wat de minsken allegearre  wol net ferkeard dienen. Hy kearde him dus fan de tsjerke ôf. Dêrnei in lang ferhaal oer in skat dy't yn 1945 fûn waard, in oantal geskriften, ferstoppe yn in krúk en letter neamd nei it plak dêr't se fûn waarden, Nag Hammadi. Hawar, ik sil jim de omballingen besparje. Mar ien ding is wol wat hingjen bleaun.  Op Wiki stiet dit:  Eén van de belangrijkste thema's van de gnostiek is dat de mens van zichzelf vervreemd ...