Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)

It wie hjoed echt waar om in eintsje te fytsen. No ha ik kar út trije soarten. Ien: gewoane fyts, twa: elektryske fyts en trije: racefyts. It leafst pak ik opsje twa, mar ja. Opsje trije, in echte Koga, hinget der mar wat sneu by en kwa kaloryen is dat fansels wol in oanrieder. Meastal liich ik my der wol ûnderút, it waait te hurd, te drok hân en mear fan dy útflechten. Mar hjoed koe ik der as profesjoneel moaiwaar fytser net omhinne, it moast de racefyts wurde. Fytsbroek, shirt, sinnebril, hânskuontjes, flesse wetter, koptelefoan mei Led Zeppelin der op en fuort. Healwei de Burgemeester Falkenawei hjir yn It Feen krige ik it idee dat der wat mei myn rjochter skoech oan de hân wie. Foar de net-fytsers, der sit in soart fan klik systeem ûnder dy skoech, wêrmei’t jo in libbensgefaarlike ferbining mei jo trapers ta stân bringe. Sjoch Youtube der mar op nei, foaral manlju fan boppe de 50 (ik, dus) kinne soms sa fluch net loskomme en miterje dan tige stylfol op de bek. Heup stikken en mea...