Korte lijnen a.u.b 10.34 telefoan. 'Ja, jo prate mei ... Efkes oer de ôfspraak fan 11.00. Wy ha in ferkeard ûnderdiel krigen.' 'O, mar dat is al wat let om dat noch te melden... ik tink dat de frou al ûnderweis is.' 'Ha jo ek in mobyl nûmer fan jo frou?' 'Ja, mar foardat ik dat jo trochjûn ha en sa...' 'Hoe dan ek, ik ha net it goede ûnderdiel.' 'Leuk is dat. Wy ha der oars alles foar plend. 11.00 by jo, dêrnei de APK keuring omdat jo seinen dat er grif ôfkard wurde soe as er der sa foar kaam. En no belje jo goed 20 minuten foar de tiid alles ôf?' 'De auto kin in prinsipe wol foar de keuring...' 'O, no ynienen wol? Mar dat is pas oer twa oeren.' 'Hoe dan ek...' 'Ik sil besykje har te beljen.' 'Dan belje ik jo aanst wol wer ris werom oer in oare datum.' Toet..toet.. De nekhierren stienen dus al rjocht oerein. Jo binne sels op lokaasje, kinne der net folle oan dwaan....