Doping yn wielrensport
.jpg)
Neffens in rapport fan in kommisje dy't wurke yn opdracht fan de UCI, it ynternasjonale hurdfytsbûn, bestiet yn hurdfytslân noch altyd in dopingkultuer. Ik nim oan dat dy lju dat net fergees dien ha, sa'n ûndersyk. Mar de sinten dy't se dêroan bestege ha hienen se better oan ien as oar goed doel jaan kinnen. De wielersport is in ferrotte wrâld. Yn 1978 besocht Michel Pollentier in dopingskommisje te ferrifeljen mei in kondoom trúk. Hy wist wol dat er fout siet, mar betocht dat er wol in rubberke fol suvere miich ûnder syn earmtakke meininne koe. In slange der yn om it testfleske fol te jitten en de kontroleurs bedonderje. De wielerleafhawwers sille dit grif as grutte jonges fuortlaitsje, sa as se alles fuortlaitsje as it oer harren sport giet. De heroyk boppe alles. De leafde foar in fout feestje dript der fan ôf. Ik sil jim in stikje lêze litte oer hoe't se dat ek wol dienen, mei dy kondooms. Lees en huiver. ‘Michel haalde het EHBO-kistje boven. Dat was n...