Boeken fan Fryslân, boeken foar neat
Boeken mei leafde, boeken foar neat It djiptepunt yn de Fryske boekewrâld is no wol sawat berikt. It lêste treurige projekt fan Boeken fan Fryslân, stipe troch de provinsje en in pear busbedriuwen, is wat my oanbelanget reden om dit stik te skriuwen. It is op persoanlike titel, mar sjoen in oantal telefoanpetearen dy't ik hân ha, meie jim der fan útgean dat der mear binne dy't it hjir net mei iens binne. Ik sil net om de hite brij hinne draaie. Foarop: Wat wie ik bliid mei de takenning fan de Rink van der Velde priis foar myn twadde roman, It Dak Fan De Wrâld. Ik krige út hannen fan de wethâlder fan de gemeente Smellingerlân en frou Van der Velde in jildbedrach en in moai byld, dat oant de dei fan hjoed foar ús rút stiet. In stikje erkenning fan wat je as skriuwer dogge. Efter jo kompjûter sitte en optekenje wat liede moat ta in moai ferhaal. Dat je der dan in priis foar krije meie is bonus. It jout wearde oan dêr't je mei dwaande binne. Dy 15 euro foar in ...