De NIJB en marketing
It iishockey (fanôf no neame wy it mar gewoan hockey) yn Nederlân kin wol wat ekstra oandacht brûke. Sûnt de dielname oan de Olympyske Spullen yn Lake Placid, no al wer sawat 35 jier lyn, is de sport wol wer ris ta oan in positive ympuls. Jierrenlang spile de sport him ôf, sûnderdat it grutte publyk der mei yn oanrekking kaam. Dat hie ûnderoare mei in gebrek oan mediabelangstelling te krijen. It hat net folle doel om âlde kij út de sleat te heljen, dus dogge wy dat ek mar net. Nederlân is yn Westeuropa hast it iennichste lân dêr't net in bloeiende hockeykompetysje bestiet. Yn prinsipe binne der klups genôch, as je de earste en earedivyzje besjogge komme je best ta in akseptabel oantal foar in moaie, brede kompetysje. Ja, dy De Jong kin moai eamelje, hear ik jim tinken. Yn Ingelân dogge se oan rugby, cricket en fuotbal, dêr ha se noch nea fan hockey op iis heard... No, dan tinke jim moai ferkeard. Sels yn Ingelân ha se in prima kompetysje dêr't aardich folk op ôf ko...