Fuck you yn de Grinzer Pein
.jpg)
Wat is it in foarrjocht om ien kear yn de safolle tiid yn in sporthal te sitten dêr't se oan volleybal dogge. Beide dochters beoefenje dizze sport en dan moatte jo as heit ek wol ris mei te supporterjen. Hjoed wienen wy al aardich betiid foar op in sneon yn Grinzer Pein. Dêr wienen wy net allinnich, it tilde der al op fan klomjend folk dat eins de flappen wol efkes langer oer de eagen ha wollen hie, mar dus troch itselde plichtsgefoel yn in kantine plak naam. No is it echt prachtich om te sjen hoe't ien en oar ferrint. Sjoch, jo ha in leger oan frijwilligers noadich om dy sportboel draaiende te hâlden. Ik ha gut respekt foar dy minsken. Sy binne de driuwende krêften efter de breedtesporten yn Nederlân. Mar se binne dan soms ek net hielendal champions league weardich, wat fierder gjin weardeoardiel is, mar in konstatearring. Nochris, grut respekt foar dizze helden. Hjoed wie der in toernoai dêr't fan de ferienings ferwachte waard dat se in punteteller en/of skiedsrjochte...