Mein Friesland
Justermiddei seach ik him noch sitten yn in tsjerke. It skynt dat er jûns DKV wer yn in tsjerke wie. Lokkich wie ik dêr net, mar doe't ik fannemoarn de earste digitale side fan it klupblêd fan Ljouwert en omkriten omsloech, foel my it each op in krantekop. En ja hear, dêr wie it wer ris safier, De syktocht nei de echte Fries hie it safolste ferfolch krigen yn Huzum, Leeuwarden. No net echt it plak dat him de lêste tiid as briedplak foar... Ach lit mar. Aans wurdt Cornelis van der Wal lilk en dat moatte wy net ha. In oantal saken yn it artikel binne eins te banaal om te neamen, mar neffens in tige ferneamd dichter liftet Stikelstekker allinnich mei as der in rel is, dus toe mar. Sjoch, dat je miene de Friezen ûnderskiede te kinnen tusken guon dy't wol as net baltsjeferdriuwe, seit al wat oer it nivo fan de jûn yn de tsjerke yn de Hoofdplaats. Dyselde tsjerke dêr't se ek al miene om Rink ûntearje te moatten troch in Bokwerder yts te organisearjen, It nivo is dus dramatysk...