Sturtwaskje

Wy binne ein july. Hjoed belle ik efkes mei heit, niis wie op facebook in diskusje oer pakketpost op snein. Sa kaam ik dus op sturtwaskjen... Skriuwer moat hast wol in ekwivalint foar nuvere gedachtekronkelsbetinker(scrabble?) wêze. Goed, sturtwaskje dus. Ik gean efkes 25 jier werom yn de tiid. Of sa. Komt net op in jier oan. Hûnsdagen op Pauwenburg, oan de Marijkemuoiwei yn Brongergea, Oranjewâld. Broeisk waar, tusken de beamwallen. Tige geskikt foar pinken om stutsen te wurden en wrang op te rinnen. Wrang is, dit foar de net pinkehâldende Stikelstekkerlêzers, in ûntstekking oan it jaar. Meastal sa slim dat de F. Herder der oan te pas komme moast en it earme bist in oer ferspile. Aaklich wurk, jo rûnen de kâns om in flinke skop fan it bist te krijen, mar as de rommel der út koe, wie it in opluchting foar de pinke. Hûnsdagen, mei miggen dy't omraak stutsen. Net heit syn grutte freonen, dy miggen. Wy molken op stâl en dan wie de gewoante om de sturten fan de kij kreas oan de lin...