Wylst der allegearre tsjil nijs is, wie it hjir fannemoarn serious tryst. It fielde as wienen twa freonen my tagelyk ûntfallen. Ik ha se foar dea efterlitten yn in winkel yn Nij Beets. Grutte kâns dat se yntiids al yn in yslik kâlde kontener lizze. Sawat tsien jier hienen wy in relaasje. Dat is net samar wat. As dêr in ein oan komt, docht je dat wat. Yn dizze tsjustere dagen oan de ein fan 2013, it wol mar net moai droech friezend waar wurde en dus sitte wy mei drippende beammen en negative gedachten omdat der gjin natuerlike ljochtterapy is, ek noch ôfkie nimme moatte fan twa maten. It docht sear. Mei bliidskip kin en mei ik werom tinke oan alle oeren dy't wy meielkoar trochbrocht ha. It wie net altyd feest, sterker, meastal net, mar dochs joech it in goed, waarm, feilich en droech gefoel, dy relaasje fan ús. Sa no en dan slûpte der in skerp foarwerp tusken my en myn freonen, dy ferwideren we daliks. It is oars net dat ik it myn freonen kado joech. Ik trape, skopte, skjirre en i...