Derby

Op in pear lytse saken nei is de derby tusken It Feen en Cambuur goed ferrûn. Lokkich mar. Wy sille dizze dei net sa gau ferjitte. Wy, dat binne de De Jongkjes. Juster wie frijwat bysûnder, de earste kear dat ik troch heit meinaam waard nei it fuotbaljen sil in jier as 30 lyn wêze. Doe spile It Feen earste divyzje foar in man/frou as 2000. Dochs fûn ik it prachtich. Abe Lenstra siet yn syn rolstoel oan de sydline. Letter kocht ik in seizoenskaart en ha net folle wedstriden mist. Altyd op de easttribune, mar juster net. Jierren ha heit en ik tegearre nei vak 22 reizgje, mar troch omstannichheden kin dat no net mear. Juster mochten sawol heit as mem in kear mei nei it Abe Lenstra stadion, de minsken dy't dat mooglik makke ha wurde hjir nochris tige betanke, it wie in middei om nea te ferjitten. Moai mei de lift nei de tredde ferdjipping en prima plakjes, rjocht tsjinoer dêr't we gewoanwei sieten. De wedstriid wie earder spannend as goed, in moaie stift fan de spits fan It Feen...