Stiftingsbestjoer SC Hearrenfean moat no yngripe
Skokkend en der fier by troch. Oars kin ik de útspraken fan SC Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra yn de LC fan hjoed net neame. Hoe fan himsels oertsjûge en fier fan de realiteit kin immen wêze? Totaal gjin refleksje, totaal gjin idee wat der ûnder minsken spilet. Efter him stiet Wino de Jong, dy't skynber ek genietet fan it stikje macht dat er as foarsitter fan de RfK hat. 'Kijk, als 20.000 van de 26.000 mensen die hier bij wedstrijden op de tribune zitten vinden dat het niet goed gaat, moet je iets doen. Daarvan is geen sprake. Mensen hebben de keus om te komen of om weg te gaan. We zullen zien.' Was getekend, Robert Veenstra. Dus, net earder as dat 4/5e fan de supporters it Abe Lenstra stadion útjage binne, de boppeste ferdjipping mei skyboksen net mear iepen hoecht op wedstriiddagen omdat se leech steane, as jo in kûgel troch Fean Plaza jeie kinne omdat der neat oars rekke wurde kin as lucht, pas dan. Pas dan soe kening Robert oerwaagje wolle om ris efkes te s...