SC Heerenveen, het echte verhaal

De timmerman Der is al in soad skreaun en praten oer de situaasje by Sportklup Hearrenfean. Foar de goede oarder, ik bin in supporter, al soenen guon dat oan de ein fan dit artikel wolris oars útlizze kinne. Wêr’t it my om giet is dat ik ‘myn’ eigen klup Hearrenfean net werom kin. Stomme graach wol ik wer it gefoel krije dat ik yn in waarm bad stap as ik it Abe Lenstra Stadion yn rin. Dat gefoel dat ik jierren hân ha, de lichte foarm fan spanning, want hast altyd barde der wol wat. Wedstriden om tsien oere jûns, stiif útferkocht. Jo woenen der by wêze, yn de 25 jier dat ik in seizoenskaart ha binne de kearen dat ik net oanwêzich wie by in thúswedstriid op de fingers fan ien hân te tellen. Sûnt earefoarsitter Riemer van der Velde de foarsittershammer demonstratyf oerjoech oan Koos Formsma, feroare de klup. Ik sil hjir net in blomlêzing oer Van der Velde hâlde, dy syn fertsjinsten foar de SC lykje my helder. In hast fallite boel troch goede kontakten en miski...