Ik ha in fan!!!
Prachtige dagen hân. Foar alle minsken dy't nei it lêzen fan myn webloch-adres foar it earst op dizze side sjogge: Wolkom. Wat is dan sa prachtich? No, net dat we op it fuottenein sieten. Net dat it sneon tongere as twa oaren, en in bak wetter der op ta. Net dat de standhâlders jammeren oer dat de loop der net yn siet. Nee, dat wie net prachtich. Wat dan wol? No, dat ik mei myn sus in pear moaie dagen hân ha, sûnderdat we elkoar de kop ynslein ha. Wa kin dat no sizze? En dan ha je noch de lytse peareltsjes. In frou dy't sei dat se De Lêste Trúk kocht hie op de jûn fan de Ljouwerter krante. Mar noch moaier: in man dy't stikem gnizend nei myn boeken stie te sjen. As goed ferkeaper sprekke jo him oan mei: 'Jo laitsje, wêrom is dat as ik freegje mei?' 'Ik ha se allegearre al út. Komst hast mei in nij boek?' En dat syn frou dan seit: 'Ja, jo ha in fan, de Jong!' Ik kin net hekse, minsken, mar soks is fansels wol reden om troch te skriuwen yn de ...