In muppet yn Pauw en Witteman

It is in wike mei in soad reuring oer Pauw en Witteman. Earst de beskamsume wize wêrop't de beide hearen Nebahat Albayrak ûnderfregen. Wa? Ja, dat is dy dame dy't har as mooglik lieder fan de PvdA ferkiesber stelt hat. Wy (de sjoggers) kenne har as steatssikretaris fan it bluisterich skodzjen mei har foarkommen yn de Twadde keamer. Dyselde, ja. En dat wist Jeroen Pauw ek noch tige goed. Boppedat: in frou en fan Turkse komôf. Hakblok klear en los mar. Gjin sjoernalistyk fan in heech nivo. Juster wie it ek wer raak. Dizze kear kaam de eare ta oan ien fan de gasten, de ferneamde heechlearaar Kinneging, wa kend him net. Hy sjocht der út as in portier by in foute nachtklup, en docht my ek tinken oan ien fan de Muppets, en dat is dan dy mei de blauwe holle yn de efterste rige. Neffens my spile dy saksofoan yn de Muppets-band. Dizze man is de partner fan Buitenhof-columniste Naema Tahir. Dy fage de flier oan mei Rudger Castricum, de ferneamde PowNews pseudo-etterbak d...