Frysk yn de LC, diel twa
No, dat wie my wat juster. Speerstra, Kootstra, De Vries en De Groot. En dêr mocht ik ek noch bysitte. Se koenen sels myn namme! No hat Abe my fansels it gers al foar in part foar de fuotten weimeand op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/ . Dat ha je mei dy mannen, ik moat moarns earst oan it wurk, no? Ha, yndie, dat bier sil lekker west wêze, mar ik hie reade wyn. 'Twa bokbier en twa wyn,' sei ik tsjin it famke. 'Dat is dan € 14.95.´ ´Wat sei...?' Ik kom dus net sa faak mear yn in kroech en hie de knaak it glês noch yn de holle. Toe mar. It selskip bedarre dus op in terras, en dêr woe ik it mar oer ha. Net oer Hylke syn ferhalen, mar oer de Ljouwerter krante. In wike lyn skreau ik in bloch oer it Frysk yn de LC. En dêr bin ik juster net opteiner oer wurden. It skynt belied te wêzen dat artikels net mear yn it Frysk skreaun wurde. Inkelt útspraken, quotes dus, soenen noch yn de âlde taal yn de krante komme. En De Groot skriuwt ek, Dwers. Mar dat is it dan, en...