Teunis Piersma
It wurdt al mar drokker op de wrâld. Neffens berekkeningen sil de populaasje fan de meast ferachtlike soart dy't hjir omstapt, de minsk, yn 2050 op syn of har hichtepunt wêze. Op himsels ha'k net safolle op de measte minsken tsjin, hear, mar se meitsje der sa'n potsje fan. Oant 2050 komme der dus miljarden by. As alles goed giet, lis ik om dy tiid hinne de holle sawat del, of hy leit al. Ik sil de delgong yn oantallen dus net meimeitsje. Wy libje yn de opgeande weach, om samar te sizzen. Dat is ferhipte relatyf, want mei dat it sa drok wurdt, rinne we elkoar ek mear foar de fuotten, en komme der dus spannings. Op alderhande mêd. Iten bygelyks. Dat is no al in drama, lit stean mei noch in miljard as wat opfretters der by. It sil dus wol wer oarloch wurde. Miskien net ferkeard, as der dan mar in moaie soad opromme wurde. Dêr hat Oppenheimer in goed middel foar betocht. Hawar, sa moatte we net. No wie Teunis Piersma hjoed op de radio. En dy hie in nijsgjirrich ferhaal oe...