Stikelstekker is it webloch fan skriuwer Ferdinand de Jong
In Nije Dei
Link ophalen
Facebook
X
Pinterest
E-mail
Andere apps
-
Witte jim it noch? It Ajax bestjoer dat út protest yn it útfek fan it Abe Lenstra stadion siet? Omdat se net genôch kaartsjes krije koenen. Jim koppe de foarset wol efkes yn? Tank.
In het openbare debat op de sociale media worden meningen en stellingen vaak uitvergroot en verdraaid om het eigen gelijk, soms tegen beter weten in, vast te houden. Het is vergelijkbaar met een spelletje dat we vroeger op de basisschool wel eens speelden. Fluister een zin in het oor van wie er naast je zit en laat dat de hele klas door gaan. Je stond versteld van wat er aan de andere kant uiteindelijk van die zin overbleef. Hilariteit alom. Helaas is de humor en hilariteit op de sociale platformen voor een groot gedeelte verdwenen. Dat is heel erg jammer, want we leven in een geweldige tijd waarin we bij wijze van spreken onze problemen binnen een seconde mondiaal kunnen bespreken. Vergelijk dat eens met de tijden van flessenpost en postduif. Het lijkt er op dat ‘we’ de verantwoordelijkheid om de discussie een beetje beschaafd te houden, niet aan kunnen. Een voorbeeld is de Lelylijn. De spoorbaan die door voorstanders hevig wordt gepromoot en waar tegenstanders fel op reag...
It is hjoed in moaie dei, want niis ha ik offisjeel it gersmeanen fan it jier 2024 op ús hiem as klear ferklearre. Net dat ik dêr in soad oan dien ha, ús robot rêdt him dêrmei. Soms is er even it paad kwyt, mar meastentiids docht er it prima. In jier as wat lyn ha ik de flater makke om it apparaat foar it opromjen mei de hegedrukspuit skjin te meitsjen, mar dat wie gjin goed plan. De monteur hat er de oare maitiid nochal wat wurk fan hân om him wer oan de praat te krijen. Dus moast ik him drûch skjinmeitsje, mei perslucht. Doe't ik de kappe der ôf die om ek in binnenwurk skjin te meitsjen, bliek dat de robot dizze simmer mear taken op him naam hie as allinnich meanen. Yn it motorkompartimint wie in prachtich moai nêst makke dêr't neffens ús in fjildmûs de hiele simmer gebrûk fan makke hat. Oan de restanten fan wat er nei binnen sleept hat meitsje ik op dat der ek jongen yn op de wrâld kaam binne. Dy't dus as yn in buggy in kear as wat yn de wike oer ús hiem riden binne. Du...
Op de sosjale media (ja, dat ferhipte, mar tige ynfloedrike en ynformearjende X) kaam ik de link tsjin fan de HJ Schoo lêzing dy’t juster yn Amsterdam útsprutsen waard. Plak fan hanneling: debat sintrum De Rode Hoed, sprekker Pieter Omtzigt. De link stiet ûnderoan dit stikje. De lêzing duorret in oere en in kertier. Dat is best wol in skoft om de spanningsbôge fêst te hâlden by it gejeuzel fan de gemiddelde politikus, mar Omtzigt is de útsûndering op de regel. Ik ha, omdat ik wol benijd wie nei wat hy te melden hie, fan de need in deugd makke. De fyts út it hok, koptelefoan op en in slach troch it bloedmoaie Fryske plattelân op in hearlike tiisdeitemoarn. Der wurdt fan Pieter Omtzigt wolris sein dat er labyl wêze soe, net geskikt foar de hurde realiteit fan de Haagse polityk. No, dat is miskien wol sa, mar ik soe jim allegearre oanriede wolle om de lêzing te beharkjen. Jou Omtzigt tiid en romte om syn ferhaal te dwaan en jo begripe folle better wat de man dr...
Reacties
Een reactie posten