Thom de Groot syn wize fan buorkjen

En sa stienen we fannemoarn healwei tsienen yn it wetterlân ûnder Grou by boer Thom de Groot op it hiem. De hiemhûn helle my sturtgiseljend op, mar like net fan doel om my by de bokse te krijen.

Ik sil it net oer minsken ha, mar oer bisten. Dat is hjoeddedei in tige populêr ûnderwerp, bisten steane hast heger oanskreaun as minsken. Wichtich om der by te fermelden is, dat ik net alhiel ûnbekend mei fee en oare ferskiningsfoarmen op in âlderwetske boerepleats bin.
Hoe kinne jo sjen oft fee goed ynoarder is? Yn 'e regel is it net sa dreech. Yn it gefal fan fannemoarn yn elts gefal net. De hûn wie goed by de tiid, tige boartlik en gek op efter hinnen oanjeie. Sa as in hûn is, dus.
Der stienen in pear hynders yn it hok. Moai yn it strie. Yn de loop dêrhinne seach ik in kuilpak stean. Gewoante fan in boer (of yn dit gefal boeresoan) is, om in toppe beet te krijen en oan it foer te rûken. Dan witte jo daliks mei hokker waar it wûn is en hoe't de bisten der fan ite wolle. Hoecht gjin fierdere útlis, útsein oan meiwurkers fan de ynstânsje dy't it fee by dizze boer weihellen. Pak ris in toppe kuil en rûk der oan. Ik ha it dien en wit dat der neat mis mei is. Krûdich foer. Net geil gers dêr't de jarre jo hast temjitte komt, nee, gewoan fretten, fan âlde greide wûn. Neat mis mei. Sitte ek blommen en oar guod troch. Krijt it fee wjerstân tsjin sykten fan.

As in hynder it net nei it sin hat, wurdt er kjizzich en biterich. Yn it hok stienen twa hoppes. Ien Fries en in brún eksimplaar. Tip oan de minsken dy't by de ynstânsje wurkje dy't it fee dêr weihelle ha: gean ris foar dy hynders stean. Hannen yn de bûse hâlde. Gewoan mei it boarst tsjin de holle fan sa'n hynder stean gean, as jim dat doarre.
It swarte hynder lei de holle op myn skouder. Gewoan efkes lekker hingje. Dat docht er net as er honger of oars wat brek hat.

De stâl is prima. Rûngeande mjukserij der yn. In dûbele rigel dêr't oan de iene kant gjin fee mear stean mei, omdat de lju fan de ynstânsje dy't it fee dêr wei helle hat, dochs merke litte moat dat se baas wêze wolle. Dus dy pear 100 jier dat dêr fee stien hat is neat mear wurdich, de minsken witte no hoe't it moat? Lit my net laitsje. Ik wit noch hoe noflik it fee by de winterdei lei te stinnen. Moai droech en net sa yn de nijerwetske stâl 24 oeren deis mei de poaten yn de stront. Ha dy lju dat wolris besjoen? Dat is better as moai droech yn it strie? Wy hienen kij mei sokke hurde klauwen dat de poatebekapper der wurk fan hie om der troch te kommen.

De nijerwetske generaasje gesachsdragers binne gewoan ferfrjemde fan hoe't der op in âlderwetske wize buorke wurde kin. Se kinne it net pleatse en dus sil it wol net goed wêze.

Ik bin fan miening dat as alle boeren sa buorken as Thom de Groot, wy greiden fol blommen en greidefûgels ha soenen. It is dus mar wat je leaver ha.  


Reacties

  1. Ferdinand, hielendal mei iens. Sa ist mar krekt. Mei de MKZ crisis hawwe we der ek in moai staaltsje fan sjûn. Brinkhorst (D66), in jurist die' t noch nea in bist fan tichtby sjûn hie feroare hiel NO Frylân yn in militaire zone om foar te kommen dat de minsken muite sûne. Binnen twa dagen wie it regele, alles ôfsetten inklusief checkpoints.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. ik lêsde njonkenlytsen dat it allegear net nedich west hat, de rommingen, der wie gjin MKZ yn us lân..soks stiet dan ergens wat fuortmoffele omdat it sa beskamsem is tink ik..mar dochs..tiid om de rigeljouwerige parasieten fan je ôf te skodzjen...

      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'