woensdag 12 maart 2014

No sneon: optreden The Shithouse Bluesband.

In pear dagen noch, dan is it safier. It earste en iennichste optreden fan The Shithouse Bluesband.
Yn de hjerst fan 2013 die bliken dat een oantal doarpsgenoaten dwaande wie om in jûn mei blues en rock te organisearjen yn it doarpshûs fan Boarnburgum.
As ludike iepener fan it mini festival like it harren aardich om in suprise act op de poster te setten. De Westerbuorren yn Boarnburgum is hofleveransier wurden, trije fan de fiif bandleden komme hjir wei. Wy ha in bassist ynflein djip út de wâlden wei, de trommelaar, dy't yn de generale repetysje it heale drumstel oan moster sloech mar gewoan troch timmere, wennet yn Grins. Tsja...
Sûnt in oantal moannen ha wy op moandei oefene op in set fan in lyts healoere. Dy sil sneon (saterdei foar de wâldpiken) op de planken brocht wurde as iepener fan it Spikerfestival yn doarpshûs It Bynt.

It begjint om acht oere, wy soenen it aardich fine as wy net foar tsien barkrukken, frou en bern en de organisaasje spylje. Dus fandêr dizze oprop, foar in gesellige jun mei moaie blues en rock fan Chickens Go Mad, Healers en The Painting Faces, kom nei Boarnburgum.

Jim kinne dan om acht oere tsjûge wêze fan it debút en de ein fan The Shithouse Bluesband. Johannes, Dirk, Edwin, Marius en ik ha der nocht oan.



Geen opmerkingen:

Een reactie posten