zaterdag 1 maart 2014

Jûn 20.00, Thialf!

De earste tik is útdield. Justerjûn wûnen de Unis Flyers yn in spannende wedstriid fan HYS The Hague. No kinne je dêr in lang ferhaal oer skriuwe, mar dat doch ik net. No noch net, teminsten. Op dit stuit folstiet in oprop.

Jûn om 20.00 is de twadde wedstriid yn de play-offs. Dy is op Thialf, de coolste baan fan Nederlân. Jim kinne online in kaartsje keapje en jim kinne gewoan nei Thialf komme. Doch dat net te let, want ik tink dat it jûn smoardrok wurde sil. De fuotballers ha juster ek wûn, dus der hinget in positive vibe boppe it Friese Haagje.

Jûn allegearre nei Thialf foar in spannende partij hockey. Kaarten online bestelle? Dat kin hjir.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten