woensdag 7 augustus 2013

Wat dogge jo op 1-1-2014?

The Big House. Knap stadion, of net dan?
Ien jannewaris 2014.

Ik wit net wat jimme dan by de ein ha sille, mar stikem ha 'k der wol in foarstelling fan. De heale nacht yn 'e baan west mei krekt wat tefolle fjoerwetter en dus aardich brak. Foar de puristen is der it Nieuwjaarsconcert út Wenen, mei dêrnei it skânsspringen út Garmisch Partenkirchen. Grif sille in soad fan jimme dêrnei by de âlders it nijjier ôfwinne mei opnij krekt tefolle iten en drinken. Sa giet it hjir yn Nederlân.
Graach nim ik jim efkes mei, oer de grutte plasse, nei Michigan. Ann Arbor om krekt te wêzen. Dêr stiet de universiteit fan Michigan en dogge se oan sport. Dan moat der ek in stadion wêze om yn te baljen en omdat yn de USA alles grut is, ha se dêr The Big House delsetten. Passe 107,501minsken yn. Krekt efkes grutter as Nou Camp en it Abe Lenstra Stadion dus. 

Op ien jannewaris 2014 ha se in feestje yn Michigan Stadium. Meastal is it dêr dan ferhipte kâld, mar dat komt goed út, want dan hoege se net sa hurd te friezen. Friezen? Jawis, op de earste dei fan it nije jier sille alle 107,501 stuoltsjes beset wêze. Dan sille de Toronto Maple Leafs en de Detroit Red Wings in potsje bûtendoar hockey spylje. Sa as hockey bedoeld is. Bûtendoar, op in mar of in sleat. 

Dy bûtendoarwedstriid is sa populêr, dat it kommende seisoen noch fiif kear in 'outdoor game' op de kalender stiet. Allegearre yn fan dy mânske stadions, lykas Yankee Stadium, New York 50,291, Dodger Stadium, Los Angeles 56,000 , Soldier Field, Chicago 61,500 en BC Place, Vancouver 59,841.

Yn dy stadions spylje se gewoanwei honkbal of American Football, mar foar de gelegenheid ploffe se der foar trije kear 20 minuten hockey efkes in iisbaan yn. En hjir piipje we oer ien iisbaan. 

Hoe dan ek, no witte jim wat se yn Ann Arbor Michigan op ien jannewaris dogge. 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten