Slaven fan dizze tiid?



Osama Assaidi gie foar in miljoen as trije nei Liverpool. Narsingh nei PSV. Afonso Alves nei Middlesbrough FC. Sulejmani gie nei Ajax.

Samar fjouwer oanfallers dy't furore makken by SC Hearrenfean. Sil ik efkes sizze hoe't de saken derfoar steane mei ús helden, neidat se grif eltse moanne in prima bedrach op harren bankrekken krigen ha?
Assaidi hat in kear as wat ynfaller west op Anfield, no sil er nei QPR yn de Jupiler League fan Ingelân. Mar wol miljonêr.
Narsingh is swier blesearre west, dus mei ik dêr net te hurd oer oardielje. Feit is wol dat er de slach mei Lens ferlern hie by PSV en op de bank as tribune siet en moandeis yn it twadde fuotballe. Mar wol miljonêr.
Afonso Alves wie de grutste miskeap ea yn it noardeasten fan Ingelân, wylst er hjir de pannen fan it dak spile. No mei er yn de sânbak fan it Arabysk skiereilân alle dagen syn banksaldo besjen. Multimiljonêr, as dy korrupte saakwiernimmer him net strûpt hat, teminsten.
Miralem Sulejmani dan. In gouden duo mei Alves. Yn Amsterdam sjoch ik noch de straftrening foar my dy't er fan Martin Jol dwaan moast. Mei Pranjic efter him wie it de bêste linkerkant dy't It Feen ea hân hat. Skande. No ballet er by Benfica, ik hoopje dat er dêr wer de âlde wurde sil, want dat gun ik him wol. Sels no't er miljonêr is.

Gjin grutte suksesferhalen fan in pear spilers dy't hjir alle thúswedstriden it Abe Lenstra Stadion yn fjoer en flam setten. Wol smoarryk, mar net dwaan wat je graach wolle, goed fuotbalje. De transfermerk is misdiedich lang iepen, de balskoppers binne mar mei ien ding dwaande, jild.
De tiden fan Iker Casillas Fernández, Folkert Velten, Franco Baresi en oare klupfuotballers is seltsum. It jild hat it foar it sizzen.

Wol nuver dat krekt dy trije tige suksesfol wienen en binne. Soe dat ek komme trochdat se by deselde klup bleaun binne, de kultuer kenne en dêrtroch krekt witte hoe en wat?

De moderne fuotbalwrâld is de nijerwetske slavehannel, tiid dat de (yn en yn korrupte) FIFA en UEFA dêr ris de biezen troch helje. In minske moat dreamen ha, is 't net sa?


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen