Skjin skip

Op sa'n luie sneontemoarn (trije minsken lêze de digitale krante, nr 4 hinget foar in tv programma dat ik net witte wol) komme je der efter dat hjoed it fuotbalseisoen 2013-2014 foar It Feen útein set. Yn de kranten in soad nijs oer de bestjoerlike kant fan de klup, mar jûn om 20.45 (rottiid) sil de bal wer oer it moaie griene fjild rôlje.

Marco van Basten wie ek yn it nijs. Hy hat yn alle reboelje om Robert Veenstra hinne him allinnich mei in fuotbaljen dwaande holden. In gentleman, lies ik.

No't Gaston Sporre mei applaus troch it personeel begroete is en ik fan guon hear dat der sels wer lake wurdt op de wurkflier fan de Sportclub, komt de reaksje fan San Marco wat as moster nei it miel en is wat nayf. De perioade Robert Veenstra hat op it minslike flak in rotte apel efterlitten dêr't allinnich de skyl noch net oantaaste is. En dy skyl is it omkaft fan it Abe Lenstra Stadion. De muorren.
Net te leauwen hoefolle der yn in pear jier stikken makke is. Sa docht mar ris wer bliken dat jild net lokkich makket. De klup mei dan wer in de sûne katagory fan de KNVB sitte, dat giet oer jild. As der ek in skaalferdieling op minslik flak hantearre wurde soe, wie de situaasje gâns oars.

No komt Van Basten mei it ferhaal dat se Johan Hansma better binnendoar hâlde kinne. Ien fan de leden fan in direksje dy't troch Vaessen en Koopmans mei de grûn lyk makke is. En sis no sels, hoefolle spilers mei echte mearwearde binne der ûnder lieding fan technysk direkteur Hansma binnen helle?
Se meitsje my net wiis dat der net in hânfol minsken mei likefolle ferstân fan fuotbal omrinne dy't Hansma syn funksje oppakke kinne.

Skjin skip meitsje. Dat wie it doel, dat moat it doel bliuwe. It moat in ein wei komme, mar dan ha je aanst ek wat.
En Marco van Basten kin dit jier sjen litte hoe goed er as trener is. Spilers better meitsje, dat is foar syn eigen merkwearde ek goed. Net piipje, mar poetse.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen