Man steelt straat


Sjoch, dit binne no de nijsberjochten dêr't ik op sit te wachtsjen. Gewoan in keardel dy't in komplete dyk op in frachtwein oan it laden is. Hearlik nijs, dat allinnich yn Ruslân kin. Sis no sels, in kop yn de Ljouwerter dy't seit: MAN STEELT POASWEI? Dat sil hjir net samar barre.

Mar dan komt it, ik wol dan witte wêr't dit him ôfspile hat. Dus Google Earth oanklikke. It plakje Partsjek is net bekend. Google Maps hat ek gjin idee.

Hmmm...

Ynternet dan mar. Ek net folle te finen, oant ik op in foarum kaam. Dêr wie skynber noch sa'n dwaas as my dy't witte woe wêr Partsjek lei. Kaam daliks in oplossing, de Russyske fariant fan Maps koe it plakje wol! Dit is Россия, республика Коми, деревня Парчег ofwol: Rusland, Komi Republiek, het dorp Parcheg. Ferkeard stavere dus. Makket neat, Stikelstekker siket it foar jim út. Yn dit op it each och sa rêstige doarpke hat him dit slimme fergryp ôfspile.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen