In dei nei it Amelân is better as in wike Dútslân



Bernich fansels, mar ik moat ien of twa kear yn 't jier efkes nei It Amelân. Op de boat (free wifi) binne je daliks fuort en yn in oare omjouwing. Dan in fytske helje en kofje by Nescafe (free wifi) makket it libben nei in wike ynternetleas Dútslân wer in stik nofliker. En ha jo daliks troch dat je wol einen fuort fleane kinne, mar flakby is ien fan de moaiste plakken om mei fakânsje te gean. Moai Dútsers besjen op it terras, deis noflik op it (sûkerskjinne) strân en in kear as wat de see yn.
En flak foar de lêste boat fuort giet: fisk ite by Metz yn Nes. Junior is in held, dy hat hjoed inktfisk iten. Ik bin gek op de farsk bakte lekkerbekjes (en in sâlte, mar ssst... dêroer...).

Jo binne tolve oeren fan hûs, mar ha mear fakânsjegefoel krigen as yn in hiele wike Dútslân. Wa is hjir no gek? Wy, dy't heal Europa trochkarkje omdat it earne oars folle better is as by ús, of dy horde Dútsers, dy't elts jier de ponge fan de Amelanners spekke? Ik wit it antwurd wol.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen