Burotigers, proseduereneukers en oare dramatyske kreatueren



Wy skriuwe sneon 8 juny fan dit jier. It wie wol aardich waar.

Yn Drachten, oan De Roef, stienen twa manlju bûtendoar te wachtsjen op in dame dy't de kaai foar in doe noch tichte doar bringe soe. Yn de fierte hearden se in sirene. 'Wat is dit no, in plysje of in sikeauto?' frege de iene.
'Ik weet het niet, ze lijken allemaal op elkaar,' sei de oare.

Oant safier gjin nijs. Der is yn in plak as Drachten altyd wol aksje en it lûd fan in sirene binne jo oan wend. In minút letter hearden wy noch in sirene. 'Dan sil it in hertoanfal wêze,' sei de Frysk pratende man, dy't miende te witten dat as der immen in hertoanfal hat, twa ambu's nei it plak fleane.
De oare man harke. 'Dit is een andere...'

Yn tsien minuten hearden se minstens acht sirenes. Net dat it no fan dy ramptoeristen wienen, mar dochs woenen se no wol efkes sjen wat der loos wie. De dame mei de kaai wie der dochs noch net. In fluch rûntsje oer De Meer rjochting Noorderpoort wie genôch. In smite folk stie op de Stationsweg nei in frijwat nij gebou te sjen, wêrfan't in stik hingjende muorre nei ûnderen kakt wie. Wylst normaal tinkende minsken in muorre op de grûn delsette soenen en net yn de loft ophingje, mar toe mar.  

Freegje net werom, mar it earste wat de Frysk pratende man tocht doe't er dat seach wie: Och heden. Foardat se hjir wer in stien mitsele ha, binne we in moai skoft fierderop. Burotigers, proseduereneukers en oare dramatyske kreatueren sille hjir de tosken yn sette en fjochtsje oant  se der hast dea bydel falle om harren gelyk te heljen oer it hoe en wêrom fan dizze kwestje.

Net it herstel fan it gebou, net it wengenot fan de bewenners, net de oerlêst foar de winkeliers, net de oerlêst foar de oanleveringsbedriuwen, net de oerlêst foar de klanten, net de út wanhoop berne stipen ûnder de oare hingjende stikken muorre spylje de haadrol yn dizze kwestje. Helaas. It giet no om de juridyske kant. Mei oare wurden: jild.

'I love it when a plan comes together,' sei Hannibal Smith yn The A-Team altyd. Ik krij net graach gelyk, mar yn dit gefal hie ik der jild op sette moatten. It proseduereneuken is yn folle gong. It is der ek waar foar, sille wy mar sizze.

O ja, wy ha dy middei geweldich moai muzyk makke yn de oefenromte oan De Roef.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'