Thialf yn Almere? Lit se mar



Thialf yn Almere? Lit se mar

De nije topsportiisbaan fan Nederlân skynt yn Almere te kommen. Dêr hat in kommisje foar keazen. Soks lekt altyd út.

It jittikmigen en soerbrânen begûn daliks op de sosjale media en radio en TV. Hoe hat it safier komme kinnen dat It Hearrenfean dy nije baan ferjitte kin.
Spoeddebatten dy’t oanfrege wurde, tweets dy’t sizze dat de alwittende skriuwer der al tiden foar warskôge hat, mei oare wurden, de boat wie wer ris oan. No moat dy earme Hans Konst útlizze wat er net wit, dat sil wol wer in moai stikje kabaret yn de Fryske Steaten opsmite.

Fraach: Hoe slim is it dat Almere dy nije baan krijt. As it dy al krijt.

Wy meie hjir graach reedride. Hjir is Nederlân. Langebaanriden is hjir hillich. Yn de measte oare lannen is it riden in sport dêr’t mei fernuvering nei sjoen wurdt. Mondiaal stelt it net it measte foar.

As je nei de poadia fan de kampioenskippen sjogge wurde jo dêr as Sweed, Noar, Rus of Kanadees net fleurich fan. Ik ha it oer de langebaan. Net oer it sprinten, dêr is wat mear animo foar, in lyts ploegje minsken út Korea, Sina en Japan wolle dêr de kûten noch wol foar oanspanne. Mar ek yn de sprinterij slaan de Nederlanners de lêste jierren mei foar master op. Gefaarlike ûntwikkeling.

Rûnom yn de oaljerike lannen stampe se stadions de grûn út. Dan meie de Hollanners dei oan dei nei in leech stadion yn Astana, Tsjeljabinsk, Kolomna, Harbin, Salt Lake City of Calgary sjen, omdat in pear Nederlanners dêr de plakken ien oant fiif ferdiele yn fierstente lange wrâldbekerwedstriden.
Ien kear yn de fjouwer jier komme der in soadsje Amerikanen en oare tropyske ferrassings en dy winne dan it measte Olympyske goud (sjoch de boeken der mar op nei), ferdwine wer yn de mist en it reedriden op de langebaan is wer trije jier lang it ryk fan de oranje blanje bleu en in inkele Noarske ramplesant dy’t der wat foar spek en beannen by ride mei.

Allinnich yn Nederlân en tafallich leit dy iisbaan yn It Feen, is dêr (noch) belangstelling foar. Dat is al jierren sa. De organisaasje stiet, de frijwilligers binne der. Mar de belangstelling fan it publyk rint tebek. Dat komt troch tefolle wedstriden, te djoere kaartsjes en it folslein ûntbrekken fan spanning. De tiid dat de Trije S’en út Noarwegen soargen foar in stampfol Bislet leit fier efter ús. Sneu foar Sven, mar hy dolt aardich syn eigen grêf en dêrmei it grêf fan it reedriden.
   
Om minder stroom en gas te brûken en omdat de (Nederlânske) topsporters fine dat alle hallen yn de wrâld better binne as dy fan thús, moat der in nij Thialf komme. Of Thialf moat in facelift krije. Dêr wurdt no al in skoft oer praten, mar eins wie wol helder dat It Feen in grut probleem hat.

‘De sfeer is goed, maar ze spreken hier zo’n vreemd dialect,’ sei it mei poddehierren om it kin babyfacejonkje fan Studio Sport. No’t de kâns der is, moatte jim der mar nea net op rekkenje dat Fryslân it mekka fan de riderij bliuwe sil.
Al sil der ek nul% finansjele garânsje wêze, dan noch komt it nije stadion yn de rânestêd.

En ik begryp dat wol. Wy binne hjir frijwat nochteren, rûchwei €650.00 deltelle om mei frou en twa bern in dei as wat nei it riden te kommen is aardich djoer. De NOS wol it leafst dat alles yn en om Amsterdam organisearre wurdt, Eindhoven fine se ek al in útbuorren, lit stean Fryslân, dêr komme jo allinnich simmerdeis in kear te silen, al dy troep nei It Feen ta slepe, it soe ferbean wurde moatte. Praat dat domme folk boppedat ek noch Frysk. Nee, buorman syn lân komt mar ien kear te keap, dan moatte jo hannelje.

De tandem Terpstra-Jorritsma hat soks kreas spile. Friezen om útens binne oars meastal Frysker as de Friezen, mar miskien...

Lit se mar. Foardat it stadion iepen giet, is it al fallyt, de boukosten gean fansels in kear oer de kop en de tribunes sille nei de earste troch de NOS mei halleluja ropperij fersleine wedstriden ek yn Almere leech rinne.

Tink yn kânsen. Wat is populêr?
Langebaan? Nee.
Sprint? Noch al, mar net sa lang mear as de Nederlanners dêr ek it bêste yn wurde.
Wat dan al? Shorttrack! Moai, dat komt goed út. Pimp de iishockeyhal op It Feen ta in booming shorttrack sintrum, kostet in stik minder, bou yn Ljouwert ek mar in hal, kinne al dy Friezen moai reedride en lit se yn de rânestêd mar in kear as wat fallyt gean.

Oprop oan Fryske boubedriuwen: Net oan dy job yn Almere begjinne, it kostet jim de kop. Lit se mar.

Ien ding noch, Sportstad Heerenveen. Eh...    

Reacties

  1. Goed ferhaal. Mar die letste opmerking. Sportsted... der sit It Fean (gemeente en SC) dan wol moai mei yn e maag. We dille it wol sjen

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Robotmeaner as feilige haven